Stimmen

Stimmen

  • 9.5 MB

    파일 크기

  • Android 4.1+

    Android OS

Stimmen 정보

부품 foar ûndersyk을 sammeljen하는 재미있는 방법으로 데이터를 촉진하는 것입니다.

De Stimmen app is makke om op in leuke en ynteressante manier data te sammeljen foar taalkundich ûndersyk. Do bist yn dit gefal de boarger-wittenskipper dy’t mei dizze app dyn eigen taal – of de taal fan oaren - opnimt. De app docht syn bêst om te hearren en te rieden wêr'st weikomst. Mominteel bestiet de app út in plaatsje-beneam-taak, in frije spraak-recorder en in dialekt-quiz. Brûk se om dyn stim oan it ûndersyk te jaan!

Algeduerich hearre wy om ús hinne ferskillende talen, dialekten en aksinten. Dat mei lykje as is it de gewoanste saak fan de wrâld, mar foar wittenskippers kinne al dy ferskillende manieren fan praten en útspraak helpe om fragen te beäntwurdzjen oer hoe’t ús brein wurket of hoe’t ús maatskippij funksjonearret. Kennis oer taalgedrach en taalstruktuer kin ek helpe foar automatyske stim- en spraakwerkenning. Dy kin dan bygelyks wer brûkt wurde yn apparaten en robots, in ûntwikkeling dy’t yn de takomst in hege flecht nimme sil.

Plaatsjes beneame

De útdaging fan de plaatsje-beneam-taak is om heech te skoaren troch fan safolle mooglik plaatsjes de namme yn te sprekken. Do kinst se wierskynlik hiel fluch en maklik yn dyn memmetaal útsprekke, mar hoe sit it mei dyn twadde en tredde taal? Us doel is it om sa folle mooglik opnames te sammeljen fan safolle mooglik talen en dialekten. Oan it wurk dus, kom mar op mei dy nammen.

Praatkaart

Yn de Praatkaart kinst harkje nei opnamen fan oare minsken of sels in opname meitsje fan dyn eigen dialekt of earste taal. Fertel in mopke of in sterk stik út dyn jeugd! Of fertel wat oer dyn plannen foar de takomst of watst fan de wrâld tinkst..

Dialekt Quiz

Komsto út Fryslân? Dan kin dizze app op grûn fan dyn antwurd op 19 koarte fragen riede wêr oftst wei komst. Probearje mar út en fyn út oftsto in werkenber aksint of dialekt hast.

Hasto opmerkings of fragen? mail ús: [email protected]

더 보기

What's new in the latest 1.0

Last updated on 2017-09-21
Initial build
더 보기

비디오 및 스크린 샷

  • Stimmen 포스터
  • Stimmen 스크린샷 1
  • Stimmen 스크린샷 2
  • Stimmen 스크린샷 3

Stimmen의 오래된 버전

Stimmen 1.0

9.5 MBSep 21, 2017
다운로드
APKPure 아이콘

APKPure 앱을통한매우빠르고안전한다운로드

한번의클릭으로 Android에 XAPK/APK 파일을설치할수있습니다!

다운로드 APKPure
thank icon
사용자 환경을 개선하기 위해 이 웹 사이트의 쿠키 및 기타 기술을 사용합니다.
이 페이지의 링크를 클릭하면 당사의 개인 정보 보호 정책쿠키 정책에 동의하는 것입니다.
더 알아보기